Presidinte is stim kwyt
De Tryaterfoarstelling De Presidintes yn Heech giet woansdei net troch. Ien fan de aktrises is de stim kwyt. Tryater hopet dat de foarstellings fan tongersdei yn Frjentsjer en Drachten wol trochgean kinne.
It binne de lêste spylwiken fan De Presidintes. Publyk kin de foarstelling fan 8 desimber oant 17 desimber noch sjen yn Frjentsjer, Drachten, Kollum, Goutum, Ryptsjerk en Dokkum.
